Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Wrâld »   Nijs 

Nijs

3-19-2021 Haadartikel: Plan foar 2021, diel 2: Ekonomy

Yn 'e Editorial fan juster hawwe wy fertelt oer it jier oant no ta en de ûntwikkelings pland foar it kommende seizoen. Foar de rest fan it jier sil in wichtich tema de ekonomy wêze. Wy sille wurkje oan in mear dynamyske, selsbalânsearjende ekonomy, rjochte op it jaan fan mear ynteressante karren foar brûkers - by elke stap fan har reis yn Hattrick.
Sa as wy yn 'e foarige Editoral beneamden, binne wy yn' e hjerst begon mei in brede analyze fan 'e yn-game-ekonomy. Dit begûn nei de oankundige feroaringen rûn 'e prizen fan "Future Coaches", dy't wy úteinlik wer ynlutsen.

It probleem dêr wie dat in protte brûkers ynvestearden yn spilers dy't net folle wearde hienen op it fjild, mar dy't it profyl hiene om yn 'e takomst te konvertearjen nei coaches. Om't fan dizze spilers hielendal net ferwachte waard dat sy yn wearde ferminderen, nettsjinsteande dat se âlder waarden en gjin training krigen, waarden se in manier om jild foar de takomst te hâlden bûten it systeem fan Bestjoersreserves.

Us foarstel om it hamsterjen fan "Future Coaches" op te lossen troch it djoerder te meitsjen om se te konvertearjen, en dermei de oerstapmerk foar har yn 'e nacht te fermoardzjen, wie te swier, en wy hawwe derfan ôfsjoen. It soe it echte probleem eins net iens oplosse, om't oare soarten spilers op in fergelykbere manier brûkt wurde kinne. Dat wy moasten it probleem earst opnij definiearje.

Bestjoersreserves waarden makke om as buffer te funksjonearjen, en soargen derfoar dat rike teams net al har jild yn ien kear útjaan kinne, wat bygelyks har konkurrinsjefoardiel dramatysk fersterke koe yn 'e midden fan in kompetysjeseizoen. Wy tinke noch hieltyd dat dit idee sin hat. It feit dat brûkers lykwols ree binne om har jild te riskearjen mei spekulative spileroankeapen om dêr har jild te "hamsterjen" ynstee fan de Bestjoersreserves, betsjut dat it systeem sa't it no is wierskynlik te beheinend is.

Ynstee dêrfan rjochtsje wy ús op in situaasje wêryn de Bestjoersreserves noch steeds it tefolle oan kontant jild fan de klup opnimme, mar wêryn wy ek nije manieren tafoegje om op in kontroleare manier tagong te krijen ta dat jild.

De earste stap sil in nije opset wêze, wêryn't it bestjoer in diel behâlde kin fan ynkomsten út ferkeap fan spilers dy't net hiel faak brûkt binne op it fjild. Yn plak fan allinich op de "Future Coaches" te rjochtsjen, kin sa elke ferkeap hjir beynfloede wurde, salang't de ferkochte spiler in lange tiid yn 'e seleksje wie sûnder wedstriden te spyljen.

Foar elke spiler yn dyn ploech silst do it persintaazje kontant jild sjen kinne dat do behâldst as do him ferkeapest, en hoefolle yn plak dêrfan nei de Bestjoersreserves giet. Spilers dy't faak spylje sille net beynfloede wurde troch dizze feroaring, as sy ferkocht wurde sil al it jild kontant hâlden wurde, lykas hjoed de dei it gefal is. Koartlyn oankochte spilers, of koartlyn promovearre jeugdspilers, falle ek yn dizze kategory.

Allinich as in spiler in lange tiid diel fan 'e seleksje west hat en net ynsetten is, sil it Bestjoer de konklúzje lûke dat se ûnnedich wie en dus gjin ferfanging noadig ha. As it giet om blessueres, sil it bestjoer in tydlike blessuere net telle as "net brûkte" tiid. Se sille lykwols spilers mei ûneiniche blessueres sjen as net brûkt, en sille jild hâlde fan sokke ferkeapen.

Hjir binne wat foarbylden fan hoe't dit wurkje kin:

1) As do in spiler keapest en him dan fuort ferkeapest, nei't dizze mar ien wedstriid spile hat, behâldst do 100% fan 'e kontanten (nei kosten makelder, ensfh.), en giet d'r neat nei de Bestjoersreserves.

2) As in spiler yn dyn seleksje fjouwer wiken op rige minder as 60 minuten yn in wedstriid spile hat, en dan ferkocht wurdt, sil 24% fan 'e ynkomsten nei de Bestjoersreserves ferpleatst wurde en de rest sil as kontant hâlden wurde.

3) At in reguliere seleksjespiler troch de manager in skoftsje op 'e bank litten wurdt, sil hy foar elke twa wiken dat hy ûngebrûkt bliuwt (net teminsten 60 minuten spilet) trije wiken mei minstens 60 minuten yn in kompetysje of bekerwedstriid nedich ha om werom te gean nei wêr't hy begûn, it punt wêr't syn manager 100% fan it jild fan in ferkeap hâlde kin. As de spiler ynstee allinich freonskiplike wedstriden spilet, sil it 6 wiken duorje om syn status as reguliere spiler te herstellen.

Op dizze wize kin it persintaazje kontant jild dat ûntfongen wurdt by ferkeap fan in bepaalde spiler fan wike ta wike feroarje. It bestjoer hâldt neat yn as in reguliere spiler ferkocht wurdt, mar kin oant 100% ynhâlde as in spiler ferkocht wurdt dy't mear as in seizoen net brûkt is.

Dit nije systeem sil fan krêft wurde yn it seizoen dat begjint yn augustus 2021.

It is wichtich om te ûnthâlden dat as it bestjoer it jild ynhâldt, it net ferlern giet. It giet nei de Bestjoersreserves, fan wêr't it mear gebrûk krije sil dan hjoed. Utsein de direkte tagong ta kontant jild fia de Finansjeel Direkteur, sille wy rûn it Bestjoer nije funksjes tafoegje wêrtroch do mei harren kommunisearje kinst, en sels dyn relaasje troch de tiid opbouwe. As do in sûne relaasje hast mei it Bestjoer en dyn doelen as manager hellest, sil it Bestjoer ek mear gearwurkje wolle kwa jild.

Dit slút oan by ús maatregels foar de ekonomy yn in bredere sin. Wy hawwe lange tiid ynflaasje yn Hattrick, en de ûnderlizzende trend is noch altyd dat te folle kontant jild generearre wurdt yn it spul. De grutte hoemannichte kontanten liedt ta situaasjes lykas it hamsterjen, as ploegen nei manieren sykje om kontant jild te beskermjen, wite se faaks net hoe't se yn har teams ynvestearje kinne. De measte ynkomsten yn Hattrick binne fêst, wylst kosten (foaral salarissen) besletten wurde troch besluten fan brûkers. Dit betsjut dat d'r yn Hattrick in pear meganismen binne dy't de ekonomy sels oanpasse kinne, lykas de echte wrâldekonomy kin.

It doel fan Hattrick is net om de meast realistyske simulaasje fan in ekonomy te wêzen, mar in leuk spul foar safolle mooglik brûkers. It echte probleem dat wy sjogge mei de ekonomy is dat it d'rfoar soarge hat dat in protte manager-karren yn it spul unynteressant of automatysk binne, en dat it bedrach fan kontant jild en rike teams it ek dreech makke ha foar nije brûkers in begjin te meitsjen foar in suksesfol paad yn it spul. Wy wolle de ekonomy hiel stadich en hiel foarsichtich nei in hegere mjitte fan dynamyk bringe, wêr't dingen lykas kosten en miskien ek ynkomsten reagearje op wat yn 'e ekonomy bart. It sil harren dermei mear balansearje, en ekstreme situaasjes foarkomme lykas wat no brûkers twongen hat jild te hamsterjen. Mar it sil ek rjochtsje op it stadichoan ferminderjen fan 'e grutte foardielen dy't ryke, âlde ploegen hawwe en ynstee opkommende ploegen better beleanje. De Bestjoersreserves sille hjirfoar ien fan 'e ynstruminten wêze, mar d'r sille ek oaren wêze.

Dit sil gjin revolúsje betsjutte. As do de eigner binst fan in ryke âlde klup, sille d'r noch genôch foardielen foar dy wêze - mar wy kinne guon fan dizze wat fjirder bûten it berik pleatse. As do de fokus op dyn ploech ferliest, kin it in bytsje efterútglide - mar as do it wer mear fokus joust, kinst ek wer mear romte krije. In oare manier om dit te sjen is dat it hawwen fan in foardiel op koarte termyn dreger wêze sil om te behâlden, wylst in foardiel op lange termyn noch altyd lestich te ferliezen is. Wat wy hjirmei hoopje te sjen is mear beweging yn it systeem, sawol op as del yn 'e divyzjes.

De nije rjochting foar de ekonomy sil ynfloed hawwe op in protte dielen fan it spul en do silst rjochting ein fan it jier wat fan dizze feroaringen opmerke.

As de tiid komt, sille wy fansels mear hjirfan iepenbierje - do kinst ek ferwachtsje dat guon fan dizze ideeën presintearre wurde foar diskusje, op 'e forums of yn ús kommende brûkersûndersyk, pland foar de kommende moanne.

Tank foar dyn oandacht, en in soad wille!

It HT team
 
Server 071